Bea Bijlsma

Beeld: Lyv Bedrijfsfotografie

Bea Bijlsma is commissielid voor D66 Fryslân.

  • 59 jaar
  • Warten
  • Warten
  • Zij/haar

Berne, opgroeid en noch altyd wenjend yn Warten, in doarp yn it hert fan Fryslân, ha ik in grut hert foar Fryslân! As partner, mem en beppe ha ik my altyd ynset foar myn omjouwing yn tal fan ferienings en stichtingen foar doarp, ûnderwiis ensfh. Ik ha opliedings yn it toerisme, ekonomy en it ûnderwiis. Ik wurkje as finansjeel meiwurker yn ‘e bou.

Yn de perioade 2019 oant ‘e mei 2023 wie ik Steatelid foar D66 yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân mei as motto: “In Bloeiend Fryslân!” Om mei te wurkjen oan in Fryslân mei in bloeiende kultuur, in bloeiend bedriuwslibben en boppe al bloeiende natuur; in provinsje wêryn it foar al har prachtige ynwenners goed en sûn wenjen, wurkjen, learen en rekreëarjen is.