D66 Fryslân en Drinte helje Europa op om it werom te bringen

Mei in groep leden en fertsjintwurdigers lutsen D66 Fryslân en Drinte ferline wike nei it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. Dêr koene se efkes achter de skermen sjen en waarden se ûnderdompele yn de Europeeske polityk. De belangrykste les? Europa moat werom nei de strjitten fan Fryslân en Drinte.

De folle dei begûn mei in waarm wolkom fan Ben Ahmed, koördinator by D66 Europa en gasthear foar de groep, folge troch in ûnferwachte moeting yn de kuiergongen mei Thijs Reuten. Reuten is Europarlemintariër fan de PvdA en makke graach tiid foar ús frij foar in koart praatsje. In presintaasje fan de permaninte fertsjintwurdiging (PV), sis mar de Nederlânske ambassade, by de Europeeske Uny, stie dêrnei as earste op de aginda. De PV koe in soad fertelle oer wat se dogge yn it belang fan Nederlân yn Europa. Dêrnei krige de groep in rûnlieding fan it Europeesk Parlemint, ynklusyf in besite oan de plenêre gearkomste dy’t plakfûn, dêr’t de Roemeenske presidint op dat stuit in waarm pleit hold foar Europeeske gearwurking.
 
Hichtepunt fan de dei, as we dan dochs ien oanwize moatte, wie de moeting mei D66 Europarlemintariër Samira Rafaela ynklusyf Q&A. It wichtichste boadskip wie om sichtber te meitsjen wat Europa docht en betsjut foar de minsken op strjitte. Yn oanrin nei de Europeeske ferkiezingen is dat bûtengewoan nedich.
 
Fierder besocht in diel fan de groep Renew, wêr’t ek D66 ûnderdiel fan útmakket yn Europa. Sels fisepresident fan Renew Malik Azmani kaam noch del foar in petear. Ek siet in part fan de groep noch in petear by fan Renew4Youth, in inisjatyf út ús politike famylje wei om jongerein mear by de Europeeske polityk te belûken. Nei in dei fol polityk wie elkenien wol oan ûntspanning ta yn in gesellich restaurantsje, fansels mei gesellige neisit.
 
De besite oan Straatsburch hat net allinnich sicht jûn op de Europeeske polityk, mar fersterke ek de bannen tusken de lokale polityk en de Europeeske politike arena. Dêrmei geane we fol goede moed de kommende moannen de Europeeske kampanje yn! It giet oan!

Tsjek de foto’s op ús instagram op D66 Fryslân (@d66fryslan) • Instagram-foto’s en -video’s